
Achte leden fan de Feriening Eardere Steateleden,
Wy nûgje jimme fan herte út om op freed 13 novimber o.s. elkoar te moetsjen by in aktiviteit fan it FES. It tema dit jier is ‘wetter’, dus hoe kinne wy dit better ôfslute as mei in besyk oan Wetsus? Wy biede jimme it folgende oan:
Programma
16.30 oere Wolkom yn it nije Wetsus, Oostergoweg 9, 8911 MA Leeuwarden
(hjir jinne jo ek parkearre).
Wy begjinne fansels mei in bakje kofje.
De hear Johannes Boonstra, direkteur fan Wetsus, sil ús rûnliede, it ien en oar fertelle, en sa fier as mooglik ús fragen beantwurdzje. Bygelyks oer
– ynternasjonale gearwurking
– drink/yrrigaasje wetter út silt wetter
– de gearwurking mei Van Hall en it MBO
– de fraach oan de hear Boonstra oer syn soarch oangeande it jild foar Wetsus dêr’t de Provinsje goed foar stiet en de komst fan de nije universitaire poat yn oprjochting.
18.00 oere Ôfsluting
18.30 oere Ite by Het Leven, Druifstreek 57-59, 8911 LH Leeuwarden
Hjir wurdt foar ús in hearlik buffet klearmakke!
Jo eigen bydrage fan €15 kin hjir betelle wurde.
Wy ferwachtsje jimme man/frou machtich.
Opjefte foar 6 novimber oansteande by Jolanda Rötert (ja.rotert@knid.nl ).
Graach by opjefte oanjaan foar alline Wetsus of Wetsus mei iten!
Oan’t sjen op 13 novimber.
De aktiviteitenkommisje,
Annigje Toering
Coby Laanstra-Ypma
Jolanda Rötert